Polske foar Noordhuis jr.

It earste berne-aai fan 2008 (foto Wiebe Palstra)
Fabian Noordhuis fan Boalsert krijt dit jier it Sulveren Polske. Dat giet nei it earste bern ûnder de 13 jier dat in ljipaai fynt. Fabian is njoggen jier en fûn it earste aai snein yn Smelbrêge by De Hommerts.
Fabian is de soan fan Christiaan Noordhuis. Dy fûn ferline jier it earste aai fan de provinsje en dit jier it earste aai fan Wymbritseradiel. It Sulveren Polske wurdt beskikber steld troch it BFVW.