Tuinstra sakket nei 15e plak

© Omrop Fryslân
Iisspeedwayer Johnny Tuinstra (38) fan Tsjummearum is, nei de wedstriden fan dit wykein yn Assen, sakke fan it 13e nei it 15e plak yn 'e stân om it wrâldkampioenskip. Tuinstra waard sawol op sneon as op snein 3e yn de D finale. Dat smiet 8 punten op en bringt syn totaal op 19.
Fanwege syn lege plak op 'e ranglist mei Tuinstra takom wykein net starte op 'e earste dei fan it finalewykein om it wrâldkampioenskip yn Berlyn.