Stenden wol universiteit wurde

De CHN hyt no de Stenden University
De Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert makket faasje mei har plannen om in offisjele universiteit te wurden. Dy plannen binne sels al sa fier dat de oanfraach al dizze moanne yntsjinne wurde sil by it ministearje fan ûnderwiis.
As alles goed giet, moat Stenden, de eardere CHN, dan takom jier al in universiteit wêze. Dêrmei soe der foar it earst yn goed 200 jier wer akademysk ûnderwiis yn Fryslân wêze.