Mei drank op achter stjoer

© Omrop Fryslân
In ynwenner (18) fan Oerterp is sneintemoarn oanholden troch de plysje om't er mei alkohol op achter it stjoer siet. Ek hie de jonge gjin rydbewiis. De plysje seach de jonge riden op de Wergeasterdyk by Wurdum en joech him in stopteken.
Dêr reagearre er earst net op, mar efkes fierderop op de Legedyk hold de jonge dochs stil. Hy is meinaam nei it buro dêr't er blaze moast. Hy hat proses-ferbaal krigen.