Fernielings yn Fryslân
Op ferskate plakken yn Fryslân binne yn de nacht fan sneon op snein fernielings pleegd. Sa waarden op It Hearrenfean trije manlju (19, 21 en 22) oanholden om't se in pealtsje by in bushalte fernield hiene.
In Feanster fan 19 jier waard yn de Schoolsteeg oanholden om't er by in appartemintekompleks in rút ynskopt hie. In ynwenner fan Sint Anne waard oppakt yn Ljouwert nei't er yn de Poststrjitte dingen fernield hie.