Botsing yn Ljouwert
De plysje hat sneontemiddei assistearre by in ûngelok op de Aldlânsdyk, wêrby't in fytser (83) ferwûne rekke. De frou wie fan de stoepe ôf it fytspaad opriden. Dêrby botste se op in oare fytser, in 53-jierrige plakgenoat.
Beide fytsers foelen, wêrby't de frou ferwûne rekke oan de holle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.