Ree soarget foar skea

09 mrt 2008 - 15:00

In oerstekkende ree hat sneontejûn foar in soad skea soarge op de A32 by It Hearrenfean. In noch ûnbekende automobilist ried tsjin it lytse hert oan en kaam midden op de dyk ta stilstân. De ynsittenden koene fluch út de auto komme, foardat in oare auto der tsjinoan klapte.

In man út Meppel (45) rekke dêrby slim ferwûne. In Feanster (45) koe de auto krekt ûntwike, mar kaam wol neist de dyk yn de bjirm telâne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)