Fryske boekewike grut sukses

Der binne in soad Fryske boeken ferkocht
De Fryske boekewike wie in grut sukses. Der binne yn de ôfrûne wiken safolle Fryske boeken ferkocht dat it boekewikegeskink fan dit jier folslein útferkocht is yn de boekhannels.
De stifting It Fryske Boek kin al in pear dagen net mear foldwaan oan de fraach fan de boekhannels om nije eksimplaren fan it geskink. Dat soe betsjutte dat der yn elk gefal 5000 Fryske boeken ferkocht binne fan 'De fammen fan Gaasterlân' fan Landman.