Liet foar sjauffeur yn sel

09 mrt 2008 - 10:44

Sjonger Willem Jacobs hat in liet skreaun oer frachtweinsjauffeur Klaas- Jan Bolt út Harns. De Harnser sit al trije jier yn in finzenis yn Frankryk yn ferbân mei mooglike drugshannel. It ferhaal hat Jacobs sa bot oangrypt, dat er de famylje fan Bolt frege hat at hy der in liet oer skriuwe mocht.

It nûmer 'tien armen om je heen' is foar 1,50 euro te downloaden op www.gevangenchauffeurs.nl. Mei de opbringst wurdt de advokaat betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)