Ynhelwedstriden by SKS

09 mrt 2008 - 09:20

Der komt romte foar twa ynhelwedstriden yn it skema fan it SKS-skûtsjesilen. Komt in wedstryd troch bygelyks te hurde wyn te ferfallen, dan kin dy yn de earste wike op freed yn Wâldsein syld wurde.

Yn de twadde wike soe der in ynhelwedstryd op de Lemmer syld wurde kinne. Dat hat de algemiene fergadering fan de SKS sneon besletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)