Unrêst sjauffeurs Wmo-ferfier

© Omrop Fryslân
De arbeidsbetingsten fan de sjauffeurs yn it Wmo-ferfier yn Ljouwert meie net minder wurde no't it ferfier fan Connexxion nei in oar bedriuw giet.
Under de sjauffeurs is ûnrêst ûntstien no't it Wmo-ferfier per 1 april nei taksybedriuw Wolters út Drachten giet. Sy soene der dêrtroch op achterút gean wat de arbeidsbetingsten oanbelanget. De PvdA yn Ljouwert stelt fragen oan it kolleezje oer de kwestje.