Fiskersramp út 1883 betocht

Mei it te wetter litten fan in Wierumer Aak yn de Lauwersmar sette sneon de betinkingsdei út ein fan de fiskersramp 125 jier lyn by Peazens- Moddergat. 6 Maart 1883 fergiene 17 fiskersskippen út dy doarpen, 83 bemanningsleden ferdronken. In soad fiskersfroulju mei bern kamen der allinnich foar te stean.
De Wierumer Aak dy't te wetter litten is, is in replika fan de Drie Gebroeders, ien fan de 17 rampskippen.