Koperdief betrape yn Hylpen

08 mrt 2008 - 14:37

In 35-jierrige man út Boalsert is freedtejûn op 'e die betrape doe't er koperen stroomkabels meinimme soe. Dat barde by in bedriuw oan de Suderseewei yn Hylpen.

Surveillearjende plysjes seagen dat hy de kabels meinimme woe. De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)