Frou mishannele yn Hurdegaryp

29 mrt 2012 - 10:04

In 66-jierrige frou út Ljouwert is woansdei yn Hurdegaryp mishannele troch in ynwenner fan it doarp. De frou kaam om guod op te heljen by it bedriuw fan de man. Neffens de frou woe de man der neat fan witte en frege er har om it gebou te ferlitten. Doe't se dat net woe, joech er har in klap.

De plysje hat de man meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
mishanneling Hurdegaryp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)