Soargen Snitsers oer wentebou

Snitsers oan de moarnsbrogge
De Snitsers meitsje har soargen oer it grutte tal wenten dat boud wurdt om en yn de stêd. Se binne benaud dat dêrtroch leechstân ûntstean sil. Dat die sneon bliken op it moarnsbrochje fan de gemeente.
Op rûnfeartboat Toerist 5 waard it boargerjierferslach presentearre oan krapoan 100 ynwenners fan de gemeente. Sy hiene meidien oan de enkete oer de gemeente en dêrút die bliken dat se oer it generaal wol tefreden wiene.