BFVW krijt nije namme

It BFVW krijt in nije hússtyl mei in oare namme, in nij logo en in nije website. Nei 60 jier feroaret de namme yn Bond voor Friese Vogelwachten. Dat is freed besletten op de jiergearkomste yn Grou.
It bûn wol mear leden lûke, benammen jongerein. It imago fan it BFVW moat moderner. Op 12 april is der in promoasjeaktiviteit. Dan wurdt in provinsjale neisoarchdei holden dêr't tûzenen fûgelwachters oan meidogge.