Heidenskip huldiget toulûkers

© Omrop Fryslân
De toulûkploech fan It Heidenskip is freed troch in lytse hûndert doarpsbewenners huldige yn doarpshûs It Swaeigat. De ploech waard in pear wike lyn yn Italië wrâldkampioen by de lanneteams en by de klubteams.
In unike prestaasje, dy't der neffens de doarpsbewenners foar soarge hat dat It Heidenskip op de kaart set is yn it bûtenlân. De offisjele huldiging wie opset troch doarpsbelang en troch de gemeente Nijefurd.