Kramer pakt goud op 10 km

08 mrt 2008 - 09:00

Reedrider Sven Kramer fan Hearrenfean hat sneon by de wrâldkampioenskappen ôfstannen yn Nagano syn twadde titel behelle. Hy wie oppermachtich op de 10 kilometer, dy't hy ride yn in tiid fan 12.57,71. Twadde waard Enrico Fabris, tredde Bob de Jong.

Neffens Kramer ride er ien fan syn bêste races oait, sei er nei ôfrin. Tongersdei wûn de 21-jierrige Kramer ek al de 5 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)