Uruzgan: De Vries op patrûlje

07 mrt 2008 - 14:37

Steatssiktaris Jack de Vries fan definsje hat freed mei eigen eagen sjoen ûnder watfoar omstannichheden de Nederlânske militêren yn Uruzgan wurkje. De Vries hat mei op patrûlje west yn Tarin Kowt en Deh Rahwod.

"It is goed om te sjen hoe tsjuster it nachts is en hoe dreech it terrein." De Vries is neffens eigen sizzen net troch militêren oansprutsen oer it ûndersyk nei it sjitynsidint, wêrby't twa militêren om it libben kamen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)