Ten Rouwelaar blessearre

07 mrt 2008 - 13:34

Keeper Jelle ten Rouwelaar spilet sneon mooglik net mei yn de útwedstriid fan syn ploech NAC Breda tsjin SC_Hearrenfean. De Jouster leit op dit stuit mei pine yn de kiel en gryp op bêd.

Ten Rouwelaar hat tongersdei net meitraind. De wedstriid tusken de nûmer seis Hearrenfean en de nûmer trije NAC is in belangrike wedstriid yn de striid om in plak by de earste fiif.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)