Mear lûdskontrôles De Lemmer

07 mrt 2008 - 11:51

Horeka saken op 'e Lemmer wurde tenei stranger kontrolearre. De gemeente Lemsterlân sil op syn minst fjouwer kear yn it jier net oankundige by de hoarekabedriuwen op 'e stoepe stean.

Dêrmei moat de lûdsoerlêst dy't guon saken feroarsaakje, beheind wurde. Oant no ta waard der pas kontrolearre as der klachten wiene. Dy kamen der foaral as saken de muzyk fierstente lûd oanstean hiene of de ruten en doarren iepen hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)