Harkemase Boys hast kampioen

De Boys meitsje in poerbêst seizoen troch
Harkemase Boys kin sneontemiddei de earste kampioen fan it distrikt Noard wurde. De ploech fan trainer Henk de Jong moat it yn Hoogeveen opnimme tsjin HZVV en as ek dy wedstriid wûn wurdt, is Harkemase Boys takom seizoen wer haadklasser.
De sifers fan de Boys lige der net om. Oant no ta ha se 15 wedstriden spile en alles wûn. Boppedat hat de ploech 72 doelpunten makke en mar 14 goals tsjin krigen.