Mear stakings yn lytsmetaal

07 mrt 2008 - 11:25

Der binne nije wike yn Fryslân op 'e nij stakings yn de lytsmetaal. No moandei wurdt der staakt by acht bedriuwen yn Drachten, Boelensleane, Garyp en Sumar. It Friesch Conges Centrum yn Drachten wurdt dan ynrjochte as aksjesintrum.

Woansdei lizze wurknimmers fan sân bedriuwen yn Ljouwert it wurk foar in dei del. Fan 17 maart ôf ha de FNV en CNV bedriuwen yn Frjentsjer, Snits en Wolvegea oproppen om te staken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)