Problemen doarpshûs foarby

07 mrt 2008 - 08:01

De problemen om it doarpshûs fan Surhuzum hinne binne oer. Tongersdei is in nij bestjoer oansteld. Dat nimt it wurk oer fan de âlde bestjoersleden, dy't yn desimber opstapten nei jierrenlange konflikten mei de gemeente Achtkarspelen.

Dy soarget no foar in goeie ûntslúting fan doarpshûs De Delfeart. Ek komt der parkearromte. No't der in nij bestjoer is, kinne ek alle aktiviteiten yn it doarpshûs wer trochgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)