Nije opfang dakleazen Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter wyk Bilgaard komt in nij krisissintrum foar dak- en thúsleazen. Tongersdei waard de earste peal slein. Yn it sintrum fan helporganisaasje Limor wurde dak- en thúsleazen net allinnich holpen, se kinne der ek wenje. Wenje kin yn it hjoeddeistige krisissintrum oan de Albert Schweizerstrjitte net.
De dakleazen meie tydlik wenje yn it nije sintrum. Dêrwei moatte se trochstreame nei in gewoan hûs.