Bredere opset Filmfestival

© Omrop Fryslân
It Noordelijk Film Festival wurdt dit jier breder fan opset. Dat seit tydlik artistyk lieder Miryam van Lier. Sij ferfangt Anneke van Renssen, dy't fanwege sykte thússit.
Van Lier wol foar dizze edysje fan it Noordelijk Film Festival mear ferbannen lizze tusken de ferskate films dy't fertoand wurde. Se tinkt der ek oan om mei in tema te wurkjen. Om mear jongeren te lûken, wol Van Lier mei skoallen gearwurkje.