Jonge (15) hat yllegale wapens

De yndrukwekkende wapenkolleksje fan de jonge fan 15
De plysje hat tongersdeitemoarn yn it âlderlik hûs fan in 15-jierrige jonge út de gemeente Skarsterlân tsientallen wapens fûn. It giet ûnder oare om pistoalen, boksbeugels, stiletto's, werpstjerren en flinter- en falmessen.
De plysje kaam de wapens en de jonge op it spoar doe't in 14-jierrige freon in foto fan himsels en de wapens op ynternet sette. De jeugdrjochter sil de saak fierder ôfhannelje. De jonge samler wol syn wapens wol werom.