Nijpels krijt earste ljipaai

06 mrt 2008 - 16:12

Kommissaris fan 'e Keninginne Ed_Nijpels hat tongersdeitemiddei it earste ljipaai yn ûntfangst naam. Marten_Scheffer fûn it aai dy moarns by Hitsum. Nijpels kontrolearre de aaisikerskaart fan Scheffer. Dêrnei waard it aaike lottere. Hy sakke as in bakstien, sadwaande giet it om in farsk aai. Scheffer krige dêrop de priis De Sulveren Ljip. It wie foar Nijpels syn achtste en alderlêste earste ljipaai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)