Sinne-enerzjypark yn Fryslân

Der moat in grut park mei dizze panielen komme
Fryslân krijt in megapark mei 500.000 sinnepanielen, in ynvestearing tusken de 20 en 40 miljoen euro. De panielen, dy't foar in part pleatst wurde sille op it terrein fan de Ljouwerter fleanbasis, kinne by moai waar 50 megawatt stroom leverje, genôch foar 5000 húshâldens.
Deputearre Andriesen ferwachtet dat dit grutste sinnepanielpark fan Nederlân in belangrike ympuls foar de Fryske wurkgelegenheid wêze sil.