Noardewynpoadium op 5 maaie

Beand & Skep steane op 5 maaie ek op it Noardewyn-poadium
Radioprogram Noardewyn fan Omrop Fryslân stiet dit jier foar it earst mei in eigen poadium op it befrijdingsfestival yn Ljouwert. Noardewyn fersoarget op in poadium by it natuermuseum in program mei tal fan artysten en in DJ, dat fan 13.30 oant 16.00 oere ek op 'e radio is.
Artysten dy't op it Noardewynpoadium optrede, binne ûnder oare it Frysktalige hiphopduo Beand_&_Skep út Drachten en de Nederpopband Vangrail.