Twadde aai yn Wymbritseradiel

Noordhuis fûn earder alris it earste aai fan Fryslân
It twadde ljipaai fan Fryslân is tongersdeitemoarn fûn yn Wymbritseradiel. Wiebe_Anton_Palstra en syn maat Christiaan_Noordhuis, beide út Boalsert, fûnen it aai yn it lân flak achter in pleats yn Smelbrêge. It ljipaai is al lottere troch de Fûgelwacht en sil oanbean wurde op it gemeentehûs fan Drylst oan boargemaster Reitsma.
Ferline jier fûn Christiaan_Noordhuis it earste ljipaai fan Fryslân.