Earste ljipaai fan Fryslân fûn

Marten Scheffer toant grutsk syn aaike oan de parse
It earste ljipaai fan Fryslân is tongersdeitemoarn fûn by Hitsum. Marten Scheffer fan Hitsum fûn it aai om krekt foar healwei njoggenen, flakby it doarp. It nêst fûn er woansdeitemiddei al, mar doe lei der noch gjin aai yn.
In pear jier ferlyn fûn Scheffer al it earste aai fan Frjentsjerteradiel. It earste ljipaai fan Nederlân waard moandei al fûn by Eemnes. It aaisikersseizoen begûn sneon.