Earste winkel Bilgaard iepene

de Blokker is nijboud en iepene
Oardeljier nei de brân yn it winkelsintrum fan Bilgaard is woansdei de earste nijboude winkel iepene. It is de Blokker fan Harm en Grietje Zoer. Se soene hast mei pinsjoen doe't de winkel ôfbaarnde. Dat koe net, se moasten earst de winkel wer opbouwe.
De winkelferiening fan Bilgaard is goed te sprekken oer hoe't it mei de nijbou fan 'e winkels giet. De foarsitter is posityf oer de takomst fan it winkelgebiet yn Ljouwert.