Bou enerzjysintrale letter

De bou fan in enerzjysintrale yn Harns begjint pas nei de simmer. Dat is letter as pland. Offalferwurker Omrin moat better motivearje wêrom't se kieze foar in droege metoade mei filters. Dat kostet mear tiid. De kommisje foar miljeueffektrapportaazje (MER) fynt dat oare mooglikheden besjoen wurde moatte.
De provinsje wachtet earst ôf wat Omrin docht mei it advys fan 'e MER.