Opsporing Verzocht oer Igli

05 mrt 2008 - 10:59

It AVRO-programma Opsporing Verzocht makket woansdei opnames op De Brol yn Ljouwert. Dêr waard 11 febrewaris Tevfik Igli deasketten. Noch dyselde dei waard in fertochte oppakt, mar dy ûntkent derby belutsen te wêzen.

Fia Opsporing Verzocht hopet de plysje no mear ynformaasje te krijen oer de sjitpartij. Ek binne der noch fragen oer it libben fan it slachtoffer. Opsporing Verzocht wurdt op 11 maart útstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)