Ferpleatsen beammen leit stil

it wurk leit foarearst stil oant de rjochter útspraak dien hat
Snits leit it ferpleatsten fan beammen út it Rasterhoffpark foarearst stil. Tiisdei makke de miljeuplysje proses- ferbaal op tsjin de gemeente om't dy al begûn wie mei de ferpleatsing, wylst dat neffens de regels net mei.
De rjochter behannele woansdei de saak oft ferpleatsing tastien is. De fûgelwacht yn Snits hat de saak oanspand. De beammen wurde ferpleatst foar de bou fan in hotel. De rjochter komt moandei mei syn oardiel.