Lamke mei twa kopkes yn museum

05 mrt 2008 - 10:25

It Natuermuseum Fryslân hat in lamke mei twa kopkes tentoansteld. It bistje is ferline wike fuort nei de berte stoarn. De boer út Hallum hat it bist nei it museum brocht. Dêr is it ynferzen. De kiste mei in glêzen deksel stiet yn in publyksromte sa't besikers it lamke sjen kinne. It laam wurdt letter opset.

It museum yn Ljouwert hat ek in barchje mei twa kopkes op sterk wetter stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)