Stroomsteuring yn Ljouwert

29 mrt 2012 - 09:24

In part fan Ljouwert is troffen troch in stroomsteuring. It giet om parten fan de Blomketerpbuert, Tjerkhiddes, Camminghabuorren en Heechterp. De steuring is tongersdeitemoarn feroarsake troch graafwurksumheden yn de Tsjerkhiddestrjitte.

Sa'n 900 húshâldings sieten sûnder stroom. Om healve njoggenen hie hast elk wer stroom. Dat jildt net foar in lytse hûndert oanslutings op 'e Auke Stellingwerfstrjitte. Dêr wurde yn 'e rin fan 'e dei needfoarsjennings pleatst. Dan wurdt ek de stikkene kabel opgroeven en makke.

Trefwurden: 
stroomsteuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)