'Fytsbelesting' op eilannen

05 mrt 2008 - 08:10

In nij soart fytsbelesting dy't net ferplichte is, moat op elk Waadeilân 5.000 euro opsmite. It jild is bedoeld om de eilannen leuker te meitsjen.

It idee foar de 'fytsbelesting' komt fan Pingo Projekten. Dy organisaasje hat betocht om oan elke toerist dy't in fyts hiert op de eilannen, twa euro te freegjen. Dat soe in moai bedrach opsmite kinne, want alle jierren wurde op de Waadeilannen 100.000 fytsen ferhierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)