Fûle brân yn Sint Anne

05 mrt 2008 - 00:08

In fûle, útslaande brân hat tiisdeitejûn in part fan in wenhûs oan de Stadhouderweg yn Sint_Anne ferwoastge. De trije bern dy't boppe leine te sliepen, koene op 'e tiid út it hûs helle wurde troch harren mem. It boubedriuw flak neist de wente hat gjin skea oprûn.

De brânwachtkorpsen fan Sint_Anne en Menaam hiene it fjoer gau út. Undersyk moat útwize wat de oarsaak fan de brân west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)