Kafee ticht nei sjitpartij

© Omrop Fryslân
Kafee De Kelder op de Westereen hat in skoft sletten west nei in sjitpartij fjirtjin dagen lyn. De gemeente Dantumadiel hie it kafee slute litten, mar it is yntusken wer iepen.
By it ynsidint binne trije Westereenders besketten en mishannele troch in groep Ljouwerters. Twa minsken rekke swier ferwûne troch de klappen. Fiif Ljouwerters binne oanhâlden. De plysje hâldt it kafee en de omjouwing goed yn de gaten.