Net bleat op tribune
Sportclub Hearrenfean hat de supporters frege om fral de klean oan te hâlden.
Yn de wedstryd tsjin De Graafschap stiene der nammentlik in pear bleate supporters op de tribune. Dat wol de club net sjen: it soe gjin passend gedrach wêze foar supporters fan Hearrenfean. Dêrom hat de club oan de supportersclub Nieuw Noord witte litten dat de klean tenei foaral oan bliuwe moatte.