Heidaskoalle net mear 'swak'

04 mrt 2008 - 15:08

De Wethâlder Heidaskoalle yn Munnikebuorren stiet net langer op de list mei hiele swakke skoallen. Dat stiet yn in rapport fan de Ryksynspeksje foar it ûnderwiis. De Heidaskoalle kaam sawat trije jier lyn op dy list terjochte. De kwaliteit fan it ûnderwiis oan de 90 learlingen wie net goed.

In bemiddeler hat nei it fertrek fan de direkteur nije lesmetoades oanskaffe litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)