Stoarmrin op kaarten 'Zelle'

Freark Smink as dûmny Zelle
Tryater kin by lange nei net foldwaan oan de fraach nei kaarten foar de foarstellingen oer dûmny Zelle. Der binne al twa kear ekstra foarstellings organiseard.
Yn 'Zelle' spilet akteur Freark Smink de Ljouwerter dûmny dy't ferneamd wie om sy tongerjende preken. Yn it spylskema fan dit teaterseizoen is gjin romte foar nije útfieringen, mar foar it nije seizoen wurde noch mear foarstellings pland.