'Reklame moat út bûtengebiet'

04 mrt 2008 - 12:14

De gemeente Achtkarspelen komt yn aksje tsjin it grut tal reklameboerden yn foaral it bûtengebiet fan de gemeente. De ôfrûne jierren binne der in pear hûndert fan dy reklameboerden pleatst, yn de measte gefallen yllegaal. De gemeente krijt dêr hieltyd mear klachten oer.

Achtkarspelen wol de reklameboerden fuort ha, omdat it lânskip der mei al dy boerden net moaier op wurdt. Eigners kinne in boete krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)