Poliklinyk foar Huntington

© Omrop Fryslân
Fryslân hat sûnt tiisdei in eigen poliklinyk foar minsken mei de sykte fan Huntington. Dat is in erflike oandwaning dy't net te genêzen is. De sykte taast dielen fan de hersenen oan, wat ûnder oare gefolgen foar de motoryk hat. Yn hiel Nederlân ha sa'n 1500 minsken Huntington.
Yn de poliklinyk wurde pasjinten en famyljeleden begelaat by it ferrin fan de sykte. De lokaasje is Nij_Friesma_Hiem yn Grou.