Fertochte pakt foar dea skaker

29 mrt 2012 - 08:16

Yn Moskou is in fertochte oanhâlden foar de ferdwining fan de skaker Michael de Vrieze út Boerum. Al gau nei de ferdwining fan De Vrieze yn april 2010 die út ûndersyk bliken dat de man fermoarde is yn de wenning fan syn freondinne yn de Grinzer wyk Paddepoel. In twadde húsgenoat fan Turkske komâf waard fan de moard fertocht, mar wie flechten nei syn heitelân Turkije, dat gjin ûnderdanen útleveret.

Al dy tiid hawwe justysje en plysje stilhâlden dat spoaren fan geweld fûn binne en wachte oant de fertochte it lân ferliet.

De 35-jierrige Turk is al op 12 desimber oanhâlden en woansdei oan Nederlân útlevere. Hy is tongersdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. It lichem fan De Vrieze is noch net fûn. Neffens parse-offisier Henk Mous hawwe plysje en justysje gelok hân dat der yn dizze saak in fertochte oanholden wurde koe. Skaakklup De Twee Kastelen yn Bûtenpost is bliid dat der lang om let wat dúdlikheid komt oer de fermissing fan kluplid Michael de Vrieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)