F-16 demonstraasjes

04 mrt 2008 - 09:52

Tongersdei en freed traint F16 demonstraasjefleaner Ralph Aarts fanôf fleanbasis Ljouwert. Aarts jout demonstraasjes op ynternasjonale loftfearteveminten. Hy is fleaner op de basis fan Volkel. Om de lûdshinder fan syn trainingen te sprieden, traint Aarts ek op oare bases.

Aarts demonstrearret de ferskate manoeuvres dy't in fleaner op in missy tsjin komme kin. Hy sil ek optrede op de iepen dagen fan de fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)