Fertraging rûnwei Ljouwert

© Omrop Fryslân
De oanlis fan de Heak om Ljouwert rint in jier út, mar it is mooglik om dat nei acht moanne werom te bringen. Dat die moandei bliken yn in kommisje fan de gemeente Ljouwert.
Troch in oanpast ûndersyk nei de luchtkwaliteit is de proseduere fan de nije rûnwei stillein. De fraksjes wolle troch fragen oan de Twadde Keamer it ekonomysk belang fan de dyk om Ljouwert oanjaan. Dat smyt mooglik fjouwer moanne ynrin op.