Jong Cambuur ferliest thús

03 mrt 2008 - 21:49

Jong Cambuur hat thús mei 0-4 fan titelkandidaat Jong Heracles ferlern. Ricky van de Berg skoarde trije kear foar de club út Almelo en Serdar Gökkaya makke ien doelpunt.

It slagge beide ploegen net om in soad kânsen te kreëaren, mar Heracles koe dochs skoare. By Cambuur diene A-junioren Björn de Hoop, Arton Musliu, Miquel Gomes, Jacob Noordman, Jeffrey van der Meer en Aziz Alsan foar it earst mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)